Çàïàäíûå Ôðèçû

Oars wier der neat as God.
En b;ten Him wier alles leech en tsjuster.
Der wier gjin ljocht, gjin tiid, gjin hjoed, gjin jister,
En ;t it neat r;p de Iwige al Dat!

Gods Machtwird r;p, ;t neat de Himel en de Ierde,
Der sweefde oer de wetters hinne, de Geest Gods,
De Alpha en de Omega, fen it Hielal de Rots,
Dy de Ie;wen tr;ch Syn Albistj;r ’t scoe liede!

En God de Almacht sei derop: „Ljocht scil der komme!”
Op slach wier alles ljocht; it strielde troch ’t rounomme!

En de Folmaekte seach it Ljocht; It ljocht wier goed.
Dat wier de Dei, dy foartoan alle tiid bistj;rt.

God sei: „It Ljocht, dat scil by my „Dei” nou stees hiette,
It tsjustre „Nacht”, sa ’s skieding ta in f;ste miette.”

En Joun hie ’t west en Moarn do: sa De Earste Dei;
En ta de dei fen hjoed folgen hj; ’n koarren nei.

„Der scil ek skieding komme”, wier des Skeppers oarder,
Fen Wetters: In Utspansel fen de Wetters waerd’ er.

En boppe en ;nder dat Utspansel wier der romt,
De Twadde Deis: ’r wier Him;l en wier Ierde, komd.

En God Dy joech do namme, „Ierde” oan it Droeche,
En See;n oan de Wetters, dy by ’n koar Hy foeche.

Syn wysheit seach al ’t oer, dat Alles goed waen wier,
Al ’t jinge dat Hy makke en troch Syn Kreft bistie.

„Myn Wil is”: sei derop de Almacht fierder,
„Dat de Ierde ;t sied foartbring’: g;rs, kr;d, beamt’,” en it wier der,

It g;rs is ;tspr;t, der fen waerde grien de groun,
Kr;d, Fruchtbeamt, nei syn aerd, hie al syn plakje foun.

Sa seach de Tredde Dei ho op de nije Ierde,
Gods wirk folmaekt waen wier omt alles woechs en tierde.

En de Formearder fen ’t Hielal, r;p ’t gouden Ljocht,
Bioardre, dat it skynde en ljocht en tiiden brocht.

As ’t greate Ljocht r;p Hy do op de gouden Sinne,
Dy ’t deiljocht de ierde joech, giet gl;nzjend der oer hinne.

En fierder dat yn helten de foarroune tiid,
Dosdanich dat de dei him fen de nacht ouskiedt.

En for de Nacht joech God de Moanne oan de Ierde,
Dy en it Stjirte nachts, hjar stille gl;ns ;tspriede.

En dat ek yn al ’t wetter, warber libben wier,
Fen Koraeldjier ta Walfisk, yn al ’t Wiet’ bistie.

Dat al it Fugelg;d hast himelheech nei boppen,
Syn Skeppers Lof en Ear yn blide sang ;troppe!

Rounom dat der sa wol yn Mar as Oceaan,
Elts nei syn aerd yn ’t wiet, oan Gods bifel foldwaen.

Sa ek rounom it f;gelt mei syn flugge wjokken,
Sa ’t ynjown is op groun ef op ’e beamtetokken.

„_Myn_ Seine jow ’k ta ’t al”, sa as God sels it sei;
„Ford;bblj’ jimme faek”. Sa wier ’t de fyfte Dei!

F;, kr;pjend en wyld djiert’ kaem do ;t Skeppers h;nnen,
’t Foun plak, elk nei syn aerd, yn ’t wiet, op groun en l;nnen.

En God seach oan al ’t Jinge, dat formear’ Hy hie,
En seach ho nei _Syn winsk_ it s;ver alles wier.

God sei: „Oan ’t Skeppingswirk ;ntbrekt mar mear de Minske”,
„Ik ha nei ’t Byld fen My him tocht en sa him winske!”

Oer ’t jinge yn ’t wetter is, oer ’t f; is syn biw;ld,
Oer ’t f;gelt yn ’e loft, ’t jinge op ’e groun tah;ldt”.

En nei Gods eigen Byld ha ’t Hy ’t forordinearre.
As Minsken: Man en Wiif, hjar Beiden sa formearre.

Hy heth Syn Sein’ hjar jown: „ford;bblje jimme „Pear”!
Oer f;gelt, fisk, oer djiert ha macht, w;z der oer Hear!

It sied dat fen kr;d komt, allike folle hwerre,
De fruchten fen al ’t beamt’, dat is for jimme ornearre”.

Mar ’t f;gelt yn ’e loft, op de ierde al it djiert’,
Ek ’t kr;pend g;d is ’t jinge Ik ’t griene kr;d ;nthiet.

En niks as ’t wier folmaekt ’r op foun God oan to mirken;
’t Wier _goed;_ ’t wier _tige goed_, Gods greate Skeppingswirken.

De Seisde Dei syn Joun, syn Moarn hien ’n Beide er w;st:
De Saunde heth God sei, „dy is bistimt ta R;st”.

Der, hwer it gouden Sinneljocht,
De Nije Ierde ’t earst oertsjocht,
Oer Ceylon giet, ef Kashmir’s dal,
Hie God, de Hear yn Eden al,
In Lusth;f plante, hwer fol kar,
It stoe fen Apel, Perzik, Par,
Tomiette ’t each fen fierren blonk,
To teppen en to pri;wen wonk,
De Druveranken woellen hjar,
Om Palm en Ceder, bar om bar;
Om Tamarinde as Klimop,
Fol swiere trossen ta de kop,
De Oranjeapel, de Citroen,
Waerd yn hjar gouden pracht der sjoen.
De Breabeam sk;de wiid en siid,
Hwer Baobob as Reusbeamt’ stiet.
De Figen stean n;st de Banaen,
Dy trou de Pisang selskip dwaen.
Der steane Sycomoren n;st,
Lianen hekje er hjar oan f;st.
It Moerbeibeamt’ fen fruchten swier,
Hat by de griene Olyfbeam tier.
En Palm oan Palm mei hege Kr;n,
Sa kearsrjucht boppe Edens T;n.
De holle rekt yn Waeiersfoarm,
Nea skodde ef b;cht troch Noardske Stoarm.
I;n Palmenw;ld, de Kokosn;t,
Komt foars ta ’t tsjokke bledg;d ;t.
De Dadels teanden ;nder ’t grien,
Dat hja al lang oan ’t rypjen wiern’.
Der giet in Amme fen ’e wyn,
De Waei’rpalm troch, en slept er yn.

Ho heech dy Kokospalm der stiet!
Mei pounswier frucht, sa froedsumswiet!
It waeksjen, dat stiet der nea stil,
Is mar de fruchtbre rein op til,
Komt n;st de ripe frucht wer blom;
In wieroakswalm is ’t yn ’t rounom.

Der hwer opdraecht ta hichten ’t l;n,
Der seamet breed in blommer;n,
De oergong: ’t wirdt i;n blommes;!
Heech Oleander! Alo;!
Dy selskip oan Magnolia,
En oan Oranjebeammen ha.
Der ’t stees op nij oan ’t bloeijen giet,
Yn rea, yn pears, yn blau, yn wyt!
In l;n der min gjin winters kin,
De Roazen stees oan ’t bloeijen binn’.
Hjar geur it hiele H;f trochsweeft,
Gjin blossom for de froast ea beeft,
Op hege Stingel ’t Leelj;wyt,
Hiel ’t jier troch oan it bloeijen giet,
Fremdsoartich moai de Orchid;e,
Meidocht yn hiel de kleurens;.
Hwer de amme fen de moarn oertsjocht,
En as it wetter baerjen docht.
Sjoch ho al ’t moaist fen Sarons Roas,
Him ;tspraedt oer ’t Pears fen Tyloas.

Der is de Christusblom[1] ek groeid,
En heth er ’t earst fen allen bloeid.

 [1] Helleborus niger. Dy bloeit sims al om Krystiid.

De ;ndergroun _hiel_ ticht biset,
Mei blommekar, hweryn min heth,
De Crocuspracht yn de iere tiid,
Blau, wyt en giel nei wiid en siid,
Hwer nei, de tiid fen Hyacinth,
Fen Tulp en fen Narcis bigjint.
Troch hiel de Kleurengamma ’t giet,
Sa ’s dan ’t yn ’t fjild to pronkjen stiet.
En earder net oph;ldt der mei,
As ’t Anemoonmoais ’t gean hjar sei.
De Aurikelpracht troch ’t sappich grien,
Yn donkre kleur komt mei hjar skien.

Hwer de Revier fen ’t Parradys,
Dy ’t fochte oan ’t beamt’ jowt, dat ta spys,
Foartbringt, nei dat dy drinkt al ’t kr;d,
Yn Fjouw’rn, den nei ’t rounom stj;rt,
Der stiet „_de Beam des Levens_”, heech!
Mids ’t oare beamte yn it leech’,
Fen Kennis, dy fen Goed en Kwea:
It Byld fen Libben en fen Dea!
En der it wetter oer in rots,
As libjend sulver mei geklots,
As Rhytmus ta de Melody,
Fen ’t Wetterliet sa stroamt foarby,
Sa froalik nei it Dal tabr;st,
Nea wyld, mar sjongend njeuntsjend r;st,
Der wi;we b;nte Eulalias;
Yn ’t wiet de wite Nympheas;
Irissen yn hjar Galaklean,
N;st Juccas sjocht min heech der stean.

Hwer, ta in Fiver, ’t heldre wiet,
De boijem djip ;tholje liet,
Der waerd it wetter lyk kristal;
Der boartet yn, in Goudfisktal,
„Victoria Regina’s” sk;d,
’t Honk fen dy gouden wetterwr;ld.
It Bamboes sjit mei foarse skoat,
Omheech as wier ’t in rjuchte loat,
Stiet der yn ;nousjenbre trop;
De kolobrietsjes r;ste er op.

Der is gjin nacht, mar Sinneskaed;
De Stjirren folgje ’t Sinnepaed,
De Moanne wiist dy den de wei,
En kuij’re ’t Deiljocht efternei.

En fen de Himelhichte ;f,
Bli;wt nachts ’t ljacht boppe Edens H;f.
De Wyn, dy Amme fen Nat;r,
Komt sims en ljeaflik droamen oer,
Fen blommegl;ns en f;gelsang,
En rept him ;t de palmbl;dstwang.
Giet as op flugge Ingelwjok,
Hiel Eden troch fen tokke op tok.
Fen Filomeel is ’t andert den:
In Hymne en Lofpesalm er fen.

De Nachtegaelen hawwe er net,
Fen Sliep en r;st hawn ea forlet,
Mar h;lde kreft yn kiel en mirch,
Fen ’t Juichen ta Gods Lof nea wirch.

Hja sette yn hjar: „Hallelujah!”
Hiel ’t f;gelkoar docht den der ta!

Der sweeft oer Blomte en Tokkegrien,
As ’t libjendje edelstientsjes wier’n,
It f;gelt, hjir as sulvren stjirt,
As sweevjend goudblomt yn ’e fjirt’.
Dat boartet yn de heldre loft,
Ynein nea, s;nder r;st en skoft.
Dat ken hjar Hear en Master sa,
’t Fljocht alles ringen op him ta,
Fen lichte en hege beammekr;n,
As Adam yn syn w;ndert;n,
Wirdt mirken op syn kuijerpaed,
Ef r;st yn it Papyrusskaed.
Hja kenn’ him as fortroude Frjeon,
Binn’ boartsjend op syn skouders kleaun,
Sa by syn earrems stiltsjes op,
R;ste oan syn foetten strak in trop.
Gjin freze leit er yn hjar hert,
Neat is der dat hjar smert of let.
’t Eekhoarntsje ;t syn hege Iek,
Is ’t dy der effen ek delstriik;
By de oaren net wol ;nderdwaen,
De Frjeon in frjeonskipsblyk to jaen.
En met de Lieu, it keningsdjiert,
Adam, as dy to kuy’ren giet,
Dy streaket Adams rj;chterh;n,
Sjocht Adam oan as hie’r forst;n.
Gjin skou dier giet er ;t ’e wei,
Gjin n;st him l;ns ef efternei,
Ha yn syn byw;zen sa ’n skik,
En witte neat fen eangstm’ ef skrik.

En „Frede op Ierde” wenne der yn Eden,
God hie de earste Minske Adam ’t jown,
Dat hy der wenne en ’t hoede al hiel yn ’t roun,
In lokkich Bern allyk, dat soarch net kent ef neden.

Hie kar fen alle fruchten dy der ripen,
Al ’t jinge hwet bigearde mar syn hert,
Gjin swit er om; it lei sa mar for ’t gripen;
In Jefte Gods, sa wier’ yn Eden set.

I;n ;tsondrinch woe God der oan forbine,
God sei: „Yt fen dy Iene Beam my nea;
I;n Beam allinne: dy bli;wt stees _de Mine_.”

„As fen dy Beam jy ite, moat Jy stjerre;
De Beam der Kennisse, fen ’t Goed’ en Kwea,
Der fen scil Jo gjin fruchten tabihearre.”

De Hear heth fierder spritsen: „’t is net goed,
Dat hy, de Minske op ierde, bliuwt allinne;
Sadat foartoan mei hjar Twabeiden binne,
Malkoar’ ta help, by ;nk, gefaer en noed.”

’t Jing’ wier oan f;gelg;d en fjildgedjiert’,
Troch God yn w;zen roppen wier, mei Amme;
S’as Adam, de Earste Minske, joech oan namme,
Sa scoe al ’t hiette, sa as Adam ’t hiet.

Dy wist for alles Nammen ;t to finen,
Mar for himsels hie hy gjin Help yett’ foun,
’t Jinge oan syn Eigen, ’t him wist to forbinen.

Mar God liet him net s;nder help allinne;
Nei djippe Sliep, seach hy syn Libbensboun,
Mei tankjend hert ;tropjend: „Myn Manninne!”

Do briek de kostelikste moarn,
Dy de ierde ea seach for ’t minskdom oan.

Mei ’t Adam nou de sliep ;t heth,
Is ’t earste ’t jinge syn each met,
Der n;st him, hja, syn twadde Ik,
En hy bisout, wirdt bleek fen skrik,
Hjar eagen sjen net, binne ticht,
Gjin laeits fljucht mear oer hjar gesicht.

Sa’s jisterjoun it mei hjar wier,
Do’t hja sa fleurich n;st him stie.
Fen eangst, fen rouwe en fen wea,
Skriemt hy: „myn skat, myn Al, is dea.”

Der komt in F;geltsje yn skiere klean,
Sa mei in swaei foar him to stean,
Sjocht den de Frou, den him wer oan,
En seit him swijend, sa „Goemoarn!”
Sjocht dat hy sa mistreastich is,
En mirkt dat eat is mei him mis.

Sadr; komt ’t each fen ’t f;gelbern,
’t jong Minskebyld goed oan te sjen,
Kli;wt op hjar boarst, harket eft hert
Yett’ slacht, yett amme heth ef net.
Ef ’t Skeppingspronkstik nei i;n dei
It jonge libben al ;flei.

En ’t f;gelbern heth gau fornaem,
Dat ien en oar fen ’t sliepen kaem.
Mei ’t Br;lloftsliet set ’t Gealtsje yn.
Meiien falt de earste Sinneskyn
Op ’t antlit fen ’t moaist Frouljuesbyld,
Troch Sinne’s earste blik bistrield.

En iepen gean ’t moaist ;agenpear,
Hwer ’n Himel yn leit, ljacht en klear,
En Adam is it, nou Hja krekt,
Hjar moaije lea in bytsje ;trekt,
De eagen opslacht, him oansjocht,
Dat Hy op nij hjar habbe mocht.

Der stiet hja yn Hjar Jonkheitsmoarn,
En laket blier Him stees mar oan,
En mei de Himel yn it hert,
Kin s;dsjen hy oan Hjar him net.

Gjin moaijer minskebyld hat er,
Op ierde w;st, gjin tsjepper lea,
Gjin s;fter, blider eagenpear,
As dat sjoen waerd, hjir dizze kear.
’t Wier as de loft noch blauer wier,
It beamt noch griener bledden hie.

De Swietroak fen it bloeijend Blomt,
Noch ljeafliker giet troch de romt’.
Gjin blomknop dy net iepen giet,
En sa opslach to bloeijen stiet.
Hjar giel en wyt en rea en blau,
Hjar moaijste moai ford;blje nou.

It is for ’t earste Minskepear,
Hjar blide ynkomst ta hjar ear.
Adam, Kening, syn Keningin,
’t Ryk sjen lit, nou for ’t earst s’er binn,
„Myn Skat”, seit Adam, „myn ljeaf Bern,
Kom lit ;s nou al ’t moais bisjen,
Gean wy de hearlikens ris roun,
’t Jing’ my ;s Ljeaven Hear heth jown.”

’t Jing’ libbet yn hiel Edens H;f,
Komt fen ’e heechste t;ken ;f,
’t Jing sjongt del, nei it blommich paed,
Hwer Adam nou syn Wyfke laedt.
It is it moaijste Brilloftsliet,
Dat fen de ierd’ nei Boppen giet.
Gjin sjongerke dat net meidocht,
Dat net mei ’t wyfke er hinne tsjocht.
Nou earm yn earm en h;n yn h;n,
Se oankommen sjen troch bosk en l;n.
De Darteldou wipt fen hjar n;st,
Dat op in haget;kje r;st.

For ’t jonge Pear roekoerje drok,
Fen „Minskepear!” Jimm’ Seine en Lok”.
Op ’t skouder fen ’t jong wyfke set,
It Douke Hjar, de Doffert heth,
Syn plakje op Adams skouder foun,
De Flinterprael draeit al yn ’t roun,
As sweevjend Topaes en Saffier,
Om ’t Pear; r;st ;t op Wyfkes hier.

Sjoch, hwa hjar tsjin hjar h;ntsje oanflaeit?
In Lamke, dat’s oer ’t Kopke aeit,
Der n;st de Lieu mei syn Lie;in,
De Tiger mei de Tigerin:
Hwer ’t l;ste Skeppingsw;nder giet,
Dat folgjend, ’t skienste ’t jing’ bistiet.

Hja wiernen lokkich en tofreden,
Sa meinoar ’t earste Minskepear,
Yn ’t Godd’lik Parradys, yn ’t Eden,
Gjin hertstocht en gjin winsk nei mear.

By dei wier ’t, dat hja God stees metten,
As ’t wyntsje kaem en dat by setten,
Troch ’t H;f farde ef yn ’t Palmbosk wier,
It Minskepear to harkjen stie,
Fen djip ;ntsach dy Beiden skrilden,
As ’t bopp’ hjar kaem yn Edens fjilden,
Mar mirken hja, dat it Gods stim,
Wier, hien’ gjin freze hja for Him.
Gjin boaze geest, wier er fen ’t kweade,
Gjin aerd ta ’t minne, ta’t forkearde;
Wyld Djiert dat bloed fen ’n oar net roek.
’t Lam koe him n;st de Wolf delflije,
Gjin Earn scoe ’t jonge R;ke krije,
Mar elk it plak fen de oare mije,
Gjin Leviathan yn de S;,
Ta’n skoat nei b;t om dea nea r;.

Mar der kaem drang nei it forbeane,
Ta ’t jinge ;ntsei wier, dat to dwaen,
Bigearte der ta, hwer ’t oars nearne,
Forbean wier, der nei ’t each to slaen.
En as Symboal fen ’e heechmoedsdivel,
Kaem der de Slang’, ’t forgif fen twifel,
Oan ’t Wiif opdringjen tsjin ’t Gebod:
„De Beam, Dy ’k midden yn ’t H;f sette,
Kom der net oan, yt er net fen”, sei God,
Oars moat jimm’ jimm’ nei stjerren sette.”

Stees bleau de Slange op ’e loer.
Sei: „Dat komt jimme alhiel net’ oer,”
„En”, sei de Slange, „der fen t’ iten,
Gean jimme eagen op, for Witen,
Witt’ jimme it Goede „Goed”, to hietten,
En ’t kweade „Kwea”; dos ;nderskie
En wirde as God _is, jimmer wier_.”

En hja ha der nei liend de earen,
Joech ta oan de Eagenlust: ’t bigearen,
Forst;nich meitsjend tige wiis,
En tagelyk ek goed for spiis.

Hja heth it heech Gebod forgetten;
Frucht fen dy Beam nomd; iet, joech Adam ek;
Hjar eagen oan nou ta, yett’ sletten,
Waerd’n iep’ne en teanden hjar hjar brek,[2]
En do hja God, hjar Schepper metten,
Yn ’t wynger;s, binn’ hja tobek
Gong, hjar forsk;ljend, ta ’t fen Boppen,
It „_Adam! hwer binn’ Jy!_” kaem roppen.
En beevjend sei do Adam; „’k Hearde, Hear, Jou l;d,
Hwent neaken fiel ik my en derom beeft myn foet.”

 [2] Dat hja neaken wierne.

En derop sei de Hear: „Hwa, Adam? die to witten?
Jo? dat Jy neaken binne? en wier it net to litten?
Om fen dy Beam syn frucht to iten dat net mocht?”
„De Frou, dy ’t Jy my joegen, heth my der ta brocht,”
Sei Adam. God sei; „Frou, ho koen’ Jy der ta komme?
„„Op oanstean fen de Slang, my folgjend yn ’t rounomme”;”
„Ik net” sei noch de Frou, „dy heth it earst bitocht.”

„Dou Slange”, sei de Hear, „dou bist der om forflokt,
Omt troch dyn listigens dat freeslike is lokt.
Ta greate fij;n wirdt de minske dy fortoan.”
„Jou swiere straf is: Frou, omt Jy ’t sa ha fordoarn,
Moat Jy safolle smert troch ’t libben tille
Dat Jo mei wea jou Berntsjes berne wirde scille.
Mei langstme nei jou Man stees w;ze, nei jou Hear.”—
„Jy Adam omt Jy meidien ha oan ’t kweade,
Jou Frou neifolge hawwe, yn it forkearde,
Nou nimt it libben ek for Jo in kear.
Jou libben is foartoan in onoph;ldlik skrippen,
Jou swit komt fen Jou holle rj; to drippen,
Nei ’t sin op ierde krije Jy it nea.
En de ein der fen is op it l;st de _dea_.”

Omt fen Hjar allegearre as Mem, de minsken stamme,
Joech Adam do syn Frou, fen Eva, Hjar dy namme.

De Hear spriek fierder: „’t giet net oan,
Nou ’t minskepear troch hjar fordearren,
It ;nderskie fen Goed en Kwea nou wit mar skoan,
En fen de libbensbeam wolle ite om net to stjerren,
Derom hjar ’t plak ;ntsei; hja binne nou to wiis,
To bliuwen langer hjir, for f;st yn ’t Parradys.”

En sl;ten waerd do Edens Poarte,
Op ’s Heechstens oarder nei ’t de Hear,
Oansei hie, ’t earste Minskepear:
„Jimm’ scil it Parradys forlitte moatte.”

Dat nei de Libbensbeam de wei,
For nimmen foartoan iepen lei,
En God r;p derop Cherubim
Krige oarder der ta, sa fen Him!

Forweesd, ;ntdien mei delsleine eagen,
Dy hiette triennen, swier oerteagen,
Gyng ’t Minskepear syn lydenswei,
Nei Gods Bifel dat frjemds tomiette;
Der nei de ;nbikende fierte,
Hwer nou hjar nije takomst lei.
Om ;t de ierdboijem ;nder switten,
Hjar fiedsel tusken toarne en kjitten,
To siikjen, om sels t’ iten ’t kr;d,
Hjar libbenstiid sa ;t to mjitten,
Mei smert en folle ;nk yn ’t moed.
Fen ’t Parradys, lei ’t yn ’t forline,
Lykwols oer swierdre Lydenswei,
Al wier ’t ek dat noch safier ’t lei,—
_Ien_ scoe it Paed tor;ch dochs fine,
Al wier ’t ek tsjin de heechste priis,
It nou forlerne Parradys.
’t Forlerne Parradys, dat Ierde,
En Himel, ieuwen lang moast skiede,
Tadat _Ien_ kaem ;t Eva’s sied,
Dy sa God iens ;nthiet, de Slange,
Hjar kop den to formoassljen hiet;
De Godminsk, komd fen ’s Himels hichte,
De skild fen Adam, _die_ toniett’.
Nei Hwa al ieuwen wier forlange,
Fen de earste ou, ta letter tiid,
Der del ta kaem, nei Ierde’s lichte,
Dat neat mear Ierde en Himel skiedt.
’t Forbant fen Doar en M;rre ;ntwrichte,
De Parradyspoarte iep’njen hiet.

Februari 1912.


Ðåöåíçèè
Íå ïåðåâîäèòñÿ â ßíäåêñå.

Ñòèõîòâîðíûé Îðñê   18.11.2024 16:09     Çàÿâèòü î íàðóøåíèè
Íå çíàåøü ÿçûêîâ, ëåíü ó÷èòü– íå äóðà÷üñÿ

Òåðäæèìàí Êûðûìëû Òðåòèé   18.11.2024 17:19   Çàÿâèòü î íàðóøåíèè
Äóðàêîâ õâàòàåò, ýòî íàøå äîñòîÿíèå è äîñòîèíñòâî.

Ñòèõîòâîðíûé Îðñê   19.11.2024 16:05   Çàÿâèòü î íàðóøåíèè